Riders helje oantinkens op oan de 'hel fan '63' by reüny yn Hylpen

Soad animo foar de reüny fan de Alvestêdetocht fan 1963 © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Hjoed eksakt 60 jier lyn waard de dreechste 'Tocht der tochten' ferriden: de hel fan '63. In legindarysk grut tal riders foel út. Yn it reedrydmuseum yn Hylpen koenen alle riders fan de tocht delkomme op in ynformele kofjemoarn.
Gewoanwei is op jubileumdata allinne foar de wedstriidriders in offisjele reüny. De organisaasje ferwachte lykwols net dat der noch in soad riders by steat wienen om nei Hylpen ta te kommen, dêrom mochten no ek de toerriders komme.
De ferhalen fleagen oer tafel op de reüny
De riders hawwe oantinkens ophelle en anekdoates ferteld op de gearkomste. Ald-iismaster Piet Venema fertelt dat er fan syn mem de tocht net ride mocht. Want soks hie er noch net earder dien. Heit sei lykwols: 'It moat altyd wêze'. Venema fûn de tocht net dreech. Dreger wie om yn 1997 it beslút te nimmen dat de tocht fan doe trochgean koe.

Temperatueren net boppe -4

It is no oerdei sa'n 3 graden, mar op 18 jannewaris 1963 wie it roetkâld yn Fryslân: -21 graden Celsius. Op dy dei soe de tolfde Alvestêdetocht ferriden wurde. By de start yn Ljouwert frear it 18 graden en de temperatuer soe dy deis net boppe de -4 útkomme. Boppedat stie der in hurde noardeastewyn.
Der lei in pak snie, it iis wie hjir en dêr ûnbegeanber en siet fol skuorren en bobbels. Al mei al tige swiere omstannichheden foar de riders. De winner fan de legindaryske tocht, Reinier Paping, is ferline jier yn de âldens fan 90 jier ferstoarn.
It giet oer trochsette. De finish helje of net, dy iene dei yn je libben kin ympakt ha op de rest fan je libben. Lykas Rinze Post. Hy is letter nei de Noardkaap fytst en fielde hoe syn liif en geast ien waarden. Krekt as mei de tocht fan 63, ek al hat er dy net útriden (hy kaam oant Frjentsjer ta, hie in stikkene foet neidat der oer de kop flein wie) makke it wol dat er de tochten dêrnei maklik útride koe.
Sjoch hjir nei in fragmint fan de tocht:
De tocht fan 1963
It tal útfallers by dizze tocht waard legindarysk heech. Fan de 568 wedstriidriders hellen 57 de einstreek binnen de fereaske twa oeren nei winner Reinier Paping.
Fan de 9.294 toerriders slagge it net mear as 69 minsken in krúske yn 'e wacht te slepen.
Corrie Zijlstra fynt it spitich dat har man der net mear by wêze kin hjoed. Se kamen beide oant Frjentsjer ta. Mei de trein nei Ljouwert en doe noch rinne nei Lekkum. De oare deis woene se graach de alvemarretocht ride. Mar dat woe skoanmem net lije.
In ympresje fan de reüny
IIsmaster fan no, Sytse Prins, freget him ôf hoe't gean soe as der no in tocht lykas dy fan 63 komme soe. Oft de maatskippij dêr klear foar is.
De organisaasje wol. Mar, tinkt Prins, mei sokke omstannichheden soene der wolris folle minder minsken oan de start ferskine kinne. Dêrom, seit er, is in earbetoan oan de riders fan doe, dy't noch troch de snie, rinnende, nei hûs ta giene, wol op syn plak. "Dat kinne we ús no net mear yntinke, dochs?"