Jonge Steateleden wolle graach mear jongelju belûke by de provinsjale polityk

De jonge Steateleden Edou Hamstra, Danny van der Weijde-Hoogstad en Martijn Brands. Sijbe Knol is sichtber op it telefoanskerm © Omrop Fryslân
Op it Provinsjehûs wurdt it lûd fan jongeren fierstente min heard, sizze de jonge Steateleden Edou Hamstra (PvdA), Martijn Brands (VVD), Danny van der Weijde-Hoogstad (D66) en Sijbe Knol (FNP). Sy komme yn de Fryske polityk foar harren gefoel fierstente min generaasjegenoaten tsjin.
Martijn Brands is mei syn 27 jier op dit stuit it jongste Steatelid. Neffens him binne jongeren no ûnderfertsjintwurdige as it giet om minsken dy't meiprate oer it provinsjaal belied.
"Als je kijkt naar het openbaar vervoer is 75 procent van de gebruikers scholier of student. Ik zou het daarom heel legitiem vinden dat zij meepraten over de toekomst van het OV. Maar ook voor thema's als klimaat of landbouw geldt dat jongeren te maken krijgen met de gevolgen van de keuzes die hier worden gemaakt."

Jongelju útnûgje

Om de partisipaasje fan jongeren yn de Fryske polityk te ferbetterjen, soe de provinsje jongeren útnûgje moatte op de sosjale media dy't jongelju brûke, yn stee fan yn de papieren krante. "De provincie bereikt de jongeren nu niet. Dus we zullen echt beter ons best moeten doen om ook deze groep te bereiken", seit Danny van der Weijde-Hoogstad (34).
Ek wol it fjouwertal in 'Keamer fan de takomst' ynrjochtsje op it Provinsjehûs foar minsken dy't meitinke en meiprate wolle. Ek minsken boppe de 35 binne hjir wolkom, seit Edou Hamstra, mar se wol, as it heal kin, foarkomme dat allinnich grize hollen harren melde.

"De provinsje giet oer de takomst"

De fjouwer diene harren foarstel woansdei yn de kommisjegearkomste oer boargerpartisipaasje. "Oft it no oer it klimaat giet, oer wenjen of iepenbier ferfier, de provinsje giet oer de takomst", seit Hamstra (28).
Neffens Van der Weijde-Hoogstad hawwe in soad jongeren dat noch net troch. "Juist voor jongeren zijn we een ontzettend belangrijke bestuurslaag, maar ik moet het ze wel steeds uitleggen."
De inisjatyfnimmers wolle ek dat de provinsje tenei by alle beliedsfoarstellen meldt wat de gefolgen fan it foarstel foar de jongelju en takomstige generaasjes binne.
De inisjatyfnimmers sitte by fjouwer ferskillende partijen, mar binne allegearre ûnder de 35. Oer de needsaak om jongeren mear by de Fryske polityk te belûken, wiene se it al gau iens. De jonge Steateleden wolle in ton útlûke foar inisjativen om mear jongeren by de polityk te belûken. Oer it foarstel wurdt nije wike stimd.
Harkje nei de jonge Steateleden Edou, Danny en Martijn