Haven fan Skylge giet de kommende jierren op 'e kop

De haven fan Skylge © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De haven fan Skylge, ek wol de Schylgerhaven neamd, wurdt de kommende jierren flink ferboud. In part fan it gebiet is ferâldere, mar ek fanwege klimaatferoaring binne der oanpassingen nedich.
Ynwenners koenen woansdei alfêst efkes nei de plannen sjen en dêr waard dan ek manmachtich gebrûk fan makke. Sa'n lytse hûndert ynwenners kamen nei it gemeentehûs om te sjen en mei te tinken yn in ynringearkomste.

Jild beskikber

Ynkoarten moat de gemeenteried jild beskikber stelle. Neffens wethâlder Jeltje Hoekstra is dat nedich ek. "Het is onze belangrijkste toegangspoort, het is van belang dat het er weer spic en span bij komt te liggen"
De measte daamwanden, autodiken en oare ûnderdielen fan de haven binne mear as fjirtich jier lyn oanlein. Wat neffens de gemeente net mear yn de tiid fan no past. "Het veerhaventerrein is nu niet echt een visitekaartje, daar willen we wel naar toe", fertelt Hoekstra.
Sa soe de terminal bygelyks op in oar plak komme. "Dat biedt meer comfort en kan ook een upgrade geven aan het hele terrein, dus dat is een hele grote wens", seit Hoektra.
Ynwenners fan Skylge krije útlis oer de plannen © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Mar der binne noch wol in pear hobbels te nimmen. Sa is bygelyks net alles op de haven yn it besit fan de gemeente. "De terminal is van Doeksen, de concessie ligt bij het Rijk. Het is nog niet zomaar uitgegeten dat het zo kan."
Der moat dêrom in goede ynventarisaasje komme. "We willen op de lange termijn denken. Dan kan je ook weer dertig, veertig jaar vooruit."
De skeppe moat yn 2024 de grûn yn.