Hessel van Leeuwen oer Oekraïne "It sil wol in kwestje fan 'lange azem' wurde"

Hessel van Leeuwen © Omrop Fryslân
Hessel van Leeuwen fan Stiens is helpferliener yn Oekraïne. Hy wennet sûnt maaie op de grins fan Poalen en Oekraïne en rydt in pear kear yn 'e moanne nei Kiev en oare plakken mei helpguod.
Mei in Amerikaanske partner sette er in organisaasje op. De kommende tiid krije we geregeld berjocht fan Van Leeuwen oer harren aktiviteiten.
Hessel van Leeuwen oer de helpaksjes
De 30-jierrige Van Leeuwen wennet yn in frijwilligershûs op de grins. Dêr runt hy mei in Amerikaanske partner de organisaasje. Op dit stuit is hy lykwols net yn Europa, hy sit op Sint Maarten. Om efkes by te kommen, mar ek om plannen te meitsjen foar 2023.
Se binne dwaande mei it betinken fan in grut evenemint yn de Feriene Steaten. Op 20 maaie wolle se in grutte feiling organisearje. Sa wolle se jild ynsammelje, want dat is nedich om de help jaan bliuwe te kinnen.
Hessel van Leeuwen (rjochts) © The Volunteer Housing Initiative
De ôfrûne wiken hat Van Leeuwen noch in pear kear yn Oekraïne west, om guod ôf te leverjen. Se wurkje mei twa Oekraynske organisaasjes gear. Dy bringe it guod dan fierder it lân yn.

Easten

Bygelyks nei it easten fan it lân dêr't de minsken it dreech hawwe. Sa wiene der kollega's dy't guod nei Bachmut brochten. Dy kamen mei in grutte skrik frij. Op mar in pear tsientallen meters sloech in raket yn.
Dat is dan wol wer efkes in konfrontaasje mei it feit dat it oarloch is, benammen yn it easten fan Oekraïne. Van Leeuwen wit net oft hy dy kant op sil, mar slút dat ek net út.
Hessel van Leeuwen © Omrop Fryslân
Van Leeuwen hat al it guod dat er mei de krystdagen en âld en nij út Fryslân meinaam, al teplak brocht. Dat giet oant Kiev eins frij maklik. Wa't oan Oekraïne tinkt, tinkt oan ferneatiging. Dochs binne de diken nei de haadstêd prima, fertelt Van Leeuwen.
It is bytiden drok en der mankearret neat oan de diken. In folle grutter gefaar is de glêdens. "It wie lêsten wat reinich en om it friespunt hinne. Yn in kertier tiid wiene der wol tolve ûngelokken."
Van Leeuwen hopet dat de oarloch gau foarby is, mar tinkt dat dat net barre sil. "It sil wol in kwestje fan 'lange azem' wurde, mar ik hoopje dat we it hiele jier noch in soad help biede kinne oan de Oekraïners. Oft it no om medysk guod of boumaterialen giet, dat makket net út."
Hessel van Leeuwen joech begjin dit jier syn baan op, dy't hy krekt oannaam hie. Hy die dat om op de grins fan Poalen en Oekraïne in helporganisaasje op te setten. Van Leeuwen is 30 jier en komt út Stiens. De kommende tiid hâldt er ús op de hichte fan wat er docht foar de bewenners fan it lân yn oarloch.