Kampanje moat 'nije Fryskpraters' oanmoedigje it Frysk te brûken

In byld út de oanmoedigingskampanje © Praat mar Frysk
Minsken dy't it Frysk pas op lettere leeftiid leard hawwe, brûke de taal te sporadysk. Dêrom wolle de Fryske Akademy en Afûk nije Fryskpraters oanmoedigje, en memmetaalpraters oproppe har te stypjen.
Der is in spesjale kampanje foar opset, nei oanlieding fan in ûndersyk dat Ruth Kircher fan it Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen en Mirjam Vellinga fan de Afûk ferline jier diene.
Bewustwurding, begryp en kompliminten, dêr draait it om. Want it net-brûken fan it Frysk hat ek te krijen mei de hâlding fan de minsken dy't Frysk as memmetaal hawwe.

In tredde fan de Fryskpraters

Op dit stuit is in tredde fan de Fryskpraters fan hûs út net Frysktalich. It giet om sa'n 150.000 minsken.
Nije taallearders fiele har faak minder op har gemak yn petearen mei tradisjonele sprekkers. De nije Fryskpraters moatte in drompel oer, dy moatte der oan wenne oare klanken út te sprekken.
Mar út it ûndersyk die bliken dat tradisjonele Fryskpraters yn sa'n gefal hiel gau oerskeakelje op it Nederlânsk. Dat helpt net en is sels demotivearjend, sizze de ûndersikers. En de memmetaalsprekkers krije it gefoel dat it ûnfatsoenlik is om it Frysk te praten.

Begryp en geduld

Foar de kampanje fan Mercator (Fryske Akademy) en de Afûk (Praat mar Frysk) binne fideo's mei memmetaalsprekkers en nije Fryskpraters opnaam. Sy fertelle oer har ûnderfiningen en jouwe tips en moedigje oaren oan. In komplimint en wat geduld helpe by it learen fan de taal.