Diere-ambulânse Drachten fiert jubileum, mar hat driuwend frijwilligers nedich

Frijwilligers hingje slingers op foar it 30-jierrich jubileum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It 30-jerrich jubileum fan de diere-ambulânse Súdeast-Fryslân is in feestje mei in dûbeld gefoel. Want mei noch mar trije aktive frijwilligers kinne se net mear alle bisten ophelje. Mei in iepen dei yn Drachten hoopje se op nije minsken.
Tritich jier lyn hienen se hûndert meldingen it jier, no binne dat der 1.200. Dat is mei trije minsken net te dwaan. En dus rydt de ambulânse minder faak. Ferwûne bisten helje se net mear op.
"We ride allinnich noch minsken mei in húsdier nei de feedokter of it krematoarium. Of aanst mei de fakânsjes wer nei de opfang", seit Bernadette Hendriks, foarsitter fan Dierenambulance ZO-Fryslân.
Diere-ambulânse Súdeast-Fryslân fiert in jubileum, mar siket frijwilligers
Dêrmei jout it fieren in dûbeld gefoel, fynt Hendriks. "We hawwe ús ôffrege: dogge we it al of net? Mar we fine it ek in earbetoan oan de minsken foar ús. Dy't it opset hawwe en dy't it al dy jierren dien hawwe. Mei syn allen hawwe we dochs 30 jier folmakke."
Yn it ûnderkommen oan de Tijen 4 wurde bisten op it stuit noch mar hiel koart opfongen, útsein guon fûgeltsjes. Oare koaien binne leech.

De begjintiid

Diane Wiegersma bringt har eigenmakke opsette bisten mei foar de iepen dei. Sy stie oan it begjin fan de diere-ambulânse.
"We zijn begonnen met onze eigen auto's en als een vriendenclub. We deden er een sticker op en die rouleerde dan met de auto's. Werd je gebeld, dan moest je gaan. Waar je kwam, maakt niet uit, je deed het gewoon. Op een gegeven moment hebben we een hele oude auto gekocht en dat was eigenlijk het begin. En toen kregen we er nog een dependance bij."
Opsette bisten by iepen dei diere-ambulânse © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dêrnei wie it wurk foar har net mear te kombinearjen mei har tiid foar de húshâlding. As preparateur krijt se fan de diere-ambulânse no sa út en troch in dea bist om op te setten, fertelt Wiegersma by har ynbring: in laam, in nylgoes, in, wylp en in wallaby.
"Deze parmawallaby is bij mij gebracht door de dierenambulance. Die kwam van Makkinga, daar lopen ze in het wild rond. Deze, met een jonkie, was aangereden." De fraach kaam oft se him opsette woe en dat hat se dien. "Zo krijg ik ook wel eens een vos van hen. En dassen heb ik ook vrij veel gekregen."
Opsette wallaby © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Belangstellenden koenen tongersdei ûnder oaren de ambulânse sels besjen. Nije kollega's binne nedich, want fan de biste-ambulanse is noch hieltyd in grut ferlet.
"Ik wit it net oft it goed komt", seit foarsitter Hendriks. "It is op it heden oeral in probleem mei frijwilligers. Net allinnich by de diere-ambulânses, mar ek by oare stichtingen. Dus it is ôfwachtsjen."
In 'lege koai' mei ballon op de iepen dei. © Omrop Fryslân, Ronnie Porte