Advys oan provinsje: "Belûk befolking by taalbelied foar grutter draachflak"

Foarsitter Rimmer Mulder fan Stichting BMD Frysk en deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Deputearre Sietske Poepjes sjocht wol wat yn de ideeën fan de Stichting BMD Frysk foar in brede maatskiplike dialooch oer it Fryske taalbelied. De deputearre reagearre woansdei optein op it advys 'Taalfeestje!' fan de stichting.
"Wy kinne hjir efter de foargevel fan it Provinsjehûs wol fan alles betinke, mar it is altyd goed om te sjen wat der op strjitte spilet, want dêr wurdt it Frysk sprutsen."

Nij bestjoersakkoart

Poepjes sil it foarstel fan de Stichting BMD Frysk dêrom trochjaan oan de politisy dy't nei de kommende Steateferkiezings prate sille oer it nije koälysje-akkoart. "It foarstel komt op in goed momint, want dit kalinderjier komt der in nij bestjoersakkoart en in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) mei it Ryk. Dêryn kinne we it moai meinimme."
Oer dy nije BFTK wurdt - oant no ta - foaral yn achterkeammerkes praat troch provinsjale amtners, Fryske politisy en Fryske organisaasjes. De befolking is dêr oant no ta net echt by belutsen.
De Stichting BMD Frysk fynt dat gjin goeie saak. Foarsitter Rimmer Mulder fan de stichting tinkt dat it Fryske taalbelied folle mear fertuten dwaan sil, as je de ynwenners dêr aktyf by belûke. "It is no dochs in frij lytse rûnte dy't him dwaande hâldt mei it taalbelied. Dat moat oars. It is, sa tinke wy, folle better foar it draachflak ûnder it taalbelied dat je de minsken mear meinimme."

Ferdivedaasje en in iepen petear

De stichting hat ferline jier yn Oentsjerk in pilot útfierd foar sa'n brede maatskiplike dialooch. It wie in middei mei ferdivedaasje yn de foarm fan optredens fan Piter Wilkens en de Fryske rapper Sample Text en fierder in iepen petear oer it Frysk oan de hân fan stellingen.
Mulder neamt de ûnderfining fan dy sneintemiddei 'bemoedigjend'. "Der wiene foaral in soad jongere minsken, sa tusken de 25 en 40, mei hiel útinoarrinnende opfettings. Dy diene graach mei op harren frije sneintemiddei."

Mear taalfeestjes

Mulder advisearret de provinsje om mear fan sokke taalfeestjes te organisearjen yn doarpen en stêden en ek mei beropsgroepen yn bygelyks soarch en ûnderwiis. "It kin hiel goed wêze om it der mei minsken oer te hawwen wêrom't se it Frysk brûke of wêrom net. It kin helpe by de bewustwurding."
De stichting is yn prinsipe sels net fan doel om mear fan sokke taalfeestjes te organisearjen. "As je soks goed dwaan wolle, dan moat dat - as it heal kin - op profesjonele basis. Dat krije wy net foarinoar."
De Stichting BMD is sa'n 12 jier lyn oprjochte troch de âld-Steateleden Willem Verf (GrienLinks) en Frâns Kuipers (CDA) en de âld-sjoernalisten Pieter de Groot en Rimmer Mulder (LC) út soarch oer it Frysk. It rapport dat woansdei oanbean waard oan Poepjes is neffens Mulder 'it slotakkoart' fan de stichting.
Harkje nei Piter Wilkens, Rimmer Mulder en Sietske Poepjes