Legere straf foar Drachtster dy't styfdochter misbrûkte

Rjochtbank © ANP
In 41-jierrige Drachtster hat in selstraf fan fjirtich dagen oplein krigen fanwege it seksueel misbrûken fan syn minderjierrige styfdochter. Dêrmei falt de straf in stik leger út as de twa jier selstraf dy't it Iepenbier Ministearje easke hie.
De rjochtbank sjocht gjin bewiis foar in part fan de beskuldigingen. Dat de Drachtster langere tiid syn styfdochter seksueel misbrûkt hawwe soe, is neffens de rjochtbank wol dúdlik.
It misbrûk hie plak yn in perioade wêryn't it slachtoffer fia in omgongsregeling by de Drachtster thús kaam. De man soe it famke ûnder mear betaast hawwe. Fierder soe hy 'verregaande seksuele handelingen' mei har dien hawwe en soe hy yn har bywêzen porno sjoen hawwe.
Neffens de rjochtbank sjocht de Drachtster net goed yn hoe't hy him as heit hâlde moat. De man krijt yntusken terapy en dêr moat hy fan de rjochter ek mei trochgean.
De man hie al 40 dagen fêstsitten en hoecht dêrom net werom de finzenis yn. Wol hat hy noch 60 dagen selstraf ûnder betingst oplein krigen. Boppedat moat de Drachtster 1.000 euro smertejild oan it famke betelje en hy mei gjin kontakt mear mei har sykje.