Rutte moat syn appkes bewarje, advisearret Ineke van Gent yn in rapport

Ineke van Gent fan it Adviescollege Openbaarheid en Informatiehuishouding © ANP
It is better as premier Rutte syn appkes net weismyt. Mar dat jildt ek foar de chatberjochtsjes oer wurk fan oare wichtige bestjoerders en amtners. Dat advys jout Ineke van Gent as foarsitter fan in lanlik advyskolleezje.
Van Gent is boargemaster fan Skiermûntseach, mar sit ek yn it Adviescollege Openbaarheid en Informatiehuishouding (ACOI). Dat is troch it kabinet frege om advys oer transparânsje te jaan, nei oanlieding fan de wet iepenbierheid fan bestjoer.
It waard nochris aktueel mei dat bliken die dat premier Mark Rutte jierren sms-berjochtsjes fan syn âlde Nokia weismiet, wêrtroch't net te kontrolearjen is oft dêrmei wichtige oerheidsynformaasje ferlern gie. De minister-presidint krige in soad krityk.

De sms'kes fan Rutte

It advyskolleezje hat in ombudsfunksje, mar jout ek frege en net-frege advys oer in iepen en transparante oerheid. "In dit geval hebben we een gevraagd advies gegeven over de sms'jes en chatberichten van Rutte en andere politieke ambtsdragers en ambtenaren", sa leit Van Gent út.
Rutte en syn âlde telefoan yn 2012 © ANP
Op dit stuit is it noch folslein ûndúdlik wat der mei chatberjochtsjes fan minsken fan de oerheid bart. "Iedereen doet persoonlijk maar wat, en kiest wat op te slaan en wat niet. Privéberichten en zakelijke berichten lopen nog wel eens door elkaar. Wij hebben nu gezegd: sla alle werkgelateerde chatberichten van de politieke en ambtelijke top op in een beheersysteem."
Dêrmei is de oerheid ek makliker te kontrolearjen. "Het is makkelijker voor journalisten, wetenschappers en burgers om informatie te krijgen, net als bij papieren voorstellen. Het wordt toegankelijk en er kan controle op plaatsvinden."
It advys is 'foar de publike saak', sa neamt Van Gent it. It kin helpe om it betrouwen tusken boarger en oerheid wer te ferbetterjen. "We hopen dat het transparanter en toegankelijker wordt, ook voor een betere werking van onze democratie."

Kollektyf systeem

Fan in partikuliere kar oer op in kollektyf systeem dus. Bedoeld foar bewâldslju, bestjoerders en minsken út de amtlike top. "Deze mensen hebben een strategische en besluitvormende positie en zij gebruiken vaak hun mobiele telefoon voor hun werk. Het is nu best moeilijk om die informatie van de overheid te krijgen."
Minister Bruins Slot en Van Gent © ANP
Minister Hanke Bruins-Slot fan Ynlânske Saken hat it advys fan Van Gent en it kolleezje yn ûntfangst naam. Sy hat no trije moannen om te reagearjen op it advys.
Ineke van Gent, dy't sels ek boargemaster is, seit der klear foar te wêzen. "Ik verwijder eigenlijk niets en u bent van harte uitgenodigd om mijn berichten in te zien, want ik heb niets te verbergen. Wij gaan ook kijken, net zoals alle andere gemeenten, hoe we dit kunnen inregelen."