Kin it iis fan Thialf enerzjysuniger makke wurde? Dat besiket Wetsus út te sykjen

Ride op Thialf, kin it noch flugger? © ANP
Undersyksynstitút Wetsus yn Ljouwert, iisstadion Thialf en Innovatielab Thialf sille de kommende fjouwer jier ûndersyk dwaan nei hoe't de kwaliteit fan it iis yn Thialf optimalisearre wurde kin.
Op dizze wize moatte net allinnich de reedrydprestaasjes ferbetterje, mar der wurdt ek sjoen oft it iis enerzjysuniger makke wurde kin. "IJs maken kost energie en energie is op dit moment niet goedkoop", leit Elmar Fuchs fan Wetsus út.
"Voor elke discipline heb je verschillende soorten ijs nodig. Wij proberen op een wetenschappelijke manier te kijken hoe we op een zuinige manier het ijs precies zo kunnen maken zoals ze het op Thialf nodig hebben", seit Fuchs.

Balâns tusken grip en glydfermogen

Foar it bêste iis is in goede balâns tusken grip en glydfermogen nedich. Yn it lab fan Wetsus wurdt dêrom ûnder eksakt deselde omstannichheden as op Thialf in iisflier makke. Dêrop wurde de testen útfierd om te sjen oft it iis ek op in suniger wize makke wurde kin, sûnder dat de kwaliteit fan it iis derop efterút giet.
De iismasters fan Thialf witte op dit stuit al frij goed wat se dwaan moatte om bepaald iis te krijen. Is dit ûndersyk dan noch wol nedich? "Ze weten heel veel, maar er zit verschil tussen weten en begrijpen", leit Fuchs út. "Wij kijken wat de kennis van de ijsmeesters betekent, zodat we begrijpen wat er gebeurt. Zo kijken we of we op een zuinige manier hetzelfde of beter ijs kunnen maken."
It is de bedoeling dat de útkomsten fan it ûndersyk úteinlik ek yn Thialf tapast wurde.