Anne Feddema

Reade rieme

logo.ensafh

Reade rieme en in soad pine, hjoed rea moarn dea. Jimme superhelddichter Reade Rimer oan it wurd … de kollumnist hat de gek der mar in bytsje mei, want dat hâldt him noch wat oerein. Ik fiel my earlik sein net werklik geweldich … twa wike lyn krige ik pine yn ’e rjochterearm … earst tocht ik noch dat it fan ’e besite oan ’e sportskoalle kaam … te rûch treend of soks … jo kenne dat wol of net … ik wit neat oer it sportive hâlden en dragen fan ús lêzers … nei in pear dagen kamen der reade plakken en midsiuwske bulten, bongels en blaaskes, fol mei focht dêr’t it wetterpokkefirus tahâldt. It fielde as hie ik brânwûnen ûnder de rjochter earmsholte (op it stuit ek noch want de ellinde is noch lang net foarby ). Hoe dan ek … oant no ta rêd ik it noch mei ibuprofen (skynt net goed te wêzen mar paracetamol helpt te min ) en sinksalve … tsja … en as it no net better wurdt of slimmer sels, dan sil dizze soarch-út-‘e-wei-rinner dochs by de dokter telâne komme. Aldergeloks bliuwt de reade rieme wol aardich op har of syn plak sitten, oan ’e rjochterkant fan myn lea alsa … sy of hy is al mei al aardich honkfêst en giet net oan ’e kuier rjochting myn eagen of antlit, dat soe gefaarlik wêze … je kinne der blyn fan wurde en dêr sit gjinien en ik as skilder al hielendal net op te wachtsjen. Deselde eagen krij ik hast net ticht nachts … sliepe is net ienfâldich … je binne krekt wat fuort en dan komme skoaten fan pine dy’t je bûten de dreamles hâlde. Ik diel dit allegear mei jimme, mar wat hawwe jimme oan myn reade rieme skriemerij? … Neat fansels of net in soad … mar ik bin doch wol in bytsje jammerdearlik en dan is sa’n kollum fansels in moai gaadlik plak om efkes de eamelbult, hoe wier yn dit gefal, út te hingjen … en jimme hoege net benaud te wêzen dat jimme it ek krije, wat nammers wol kin, mar dan net fan my, of jimme moatte de wetterpokken net hân hawwe mar as ik wer ûnder de minsken kom dan is it, tinkt my, oer en oars nim ik wol in leprarattel mei of soks … jimme lêze it: Feddema is fleurich.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *