Wetterskip wol mear reinwetter opslaan om drûchte te bestriden

De ôfrûne dagen is in protte wetter fallen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It wetter dat út de himel falt, is in seine yn tiden fan drûchte. Dêrom wol Wetterskip Fryslân it oerstallige wetter dat yn wiete perioades falt, fêsthâlde.
Wetterberging bart no al yn in polder oan de Linde by Wolvegea. Yn dizze saneamde Polder Hoekstra fan 30 bunder wurdt it wetter dat de ôfrûne tiid mei bakken nei ûnderen kaam, bewarre foar letter. Koesterje dat wetter, is it biedwurd fan it Wetterskip Fryslân.
Wetterskip wol mear reinwetter opslaan om drûchte te bestriden
By wetteroerlêst wurdt it oerstallige wetter foar it grutste part ôffierd nei de Waadsee en de Iselmar. Troch de klimaatferoaring wurdt it nedich om it op safolle mooglik plakken yn Fryslân te bergjen, seit bestjoerslid Frank Jorna fan Wetterskip.
"Dat kinne we brûke yn drûge perioaden. It is yn de takomst echt nedich. De Iselmar dy't wy brûke as reintonne, rekket hieltyd leger om't de oanfier út de Rijn wei minder wurdt."
Jorna pleitet derfoar om op mear plakken wetter op te slaan, lykas by De Linde. De wetterberging yn polders is neffens him in proses fan tsientallen jierren.
De Polder Hoekstra © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust