15-jierrige jonge mist de bus, pakt auto fan âlders en wurdt trappearre troch de plysje

In jonkje yn in auto (net it jonkje dêr't it om giet) © Shutterstock
In 15-jierrige jonge is ôfrûne moandei by Koatstertille betrape op it bestjoeren fan in auto. De jonge hie de bus nei skoalle mist en wie dêrom mar efter it stjoer fan de auto fan syn âlders stapt.
De plysje kaam de jonge op it spoar by de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Koatstertille. It ferkearsljocht sprong op read en de bestjoerder dy't oanriden kaam hold stil. De auto dêrefter gie lykwols om de wachtsjende auto hinne en ried troch read, meldt de plysje Noardeast-Fryslân op Facebook.
De plysje seach dat barren en joech de bestjoerder in stopteken. De jonge ferklearre dat er haast hie, om't er de bus nei skoalle mist hie.
De plysjes fûnen dat de bestjoerder der frij jong útseach. Nei kontrôle die bliken dat it gie om in jonge fan 15 jier. Hy koe dus ûnmooglik in rydbewiis hawwe. De jonge krige twa bekeuringen en de plysje gie yn petear mei him en syn âlders, dy't trouwens net yn de gaten hienen dat harren auto fuort wie.