Fiif Fryske gemeenten stypje boargerinisjatyf foar flugge busline Kollum-Drachten

Bussen fan Arriva © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Fiif gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân stypje in boargerinisjatyf foar in rappe busferbining tusken Kollum en Drachten. De busline is it antwurd fan besoarge ynwenners en ûndernimmers op it feit dat Arriva hieltyd mear halten ferpleatst of ferfalle lit.
De gemeenten wolle de provinsje op it hert drukke it iepenbier ferfier yn de regio net fierder ferskrale te litten.
It fuortfallen fan bushalten yn doarpen soe leefberens yn de doarpen neidielich beynfloedzje. It makket it gebiet minder oantreklik foar jongfolwoeksenen of húshâldens mei bern, om't gruttere plakken as Drachten, Ljouwert of Grins dreech te berikken binne.
It inisjatyf ûntstie by ûndernimmers yn Achtkarspelen. Sy binne benaud dat minsken fuortlûke as it gebiet net goed berikber is. Sy fûnen stipe by doarpsbelangen fan ûnder oare Bûtenpost, Surhuzum en Stynsgea. De doarpen stelle in rappe, elektryske busferbining foar dy't by de rânen fan de doarpen del lûkt.
Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Achtkarspelen, Smellingerlân en ek Westerkwartier yn Grinslân hawwe oanjûn de plannen te stypjen. "De lêste jierren hat der hieltyd opnij in lytse fersobering plak en dat wolle wy no foar wêze", seit wethâlder Sierd Vegelin fan Achtkarspelen. "Dêrom sette wy der no fol op yn om dizze line te realisearjen."

Wichtige linen

Dat ûnderskriuwt wethâlder Pieter Braaksma fan Noardeast-Fryslân. "It hiele achterlân fan Kollum makket gebrûk fan sokke buslinen en dat is in hiel grut gebiet", seit Braaksma. "Mei de ferbining kinne jongeren thús wenjen bliuwe en earne oars studearje."
De gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân setten de ôfrûne jierren flink yn op it tsjingean fan krimp en goede berikberens is dêryn essinsjeel. Sy hoopje dêrom dat de provinsje de earnst fan de situaasje ynsjocht en de busferbining in kâns jaan wol.