Ynspeksje oan brêge Spannenburch ôfrûne, gjin slimme gebrekken fûn

De Spannenburgerbrêge oer it Prinses Margrietkanaal
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Rykswettersteat hat de ynspeksje oan de brêge fan Spannenburch ôfrûne. De brêge is no wer iepen. Earder moast it ferkear rekken hâlde mei in kertier fertraging.
Troch de problemen yn de Prinses Margriettunnel en de ôfsletten A7 rydt der folle mear ferkear oer Spannenburch. De brêge stiet op de nominaasje om ferfongen te wurden, omdat er al aardich âld is.
Omdat Spannenburch diel útmakket fan de omliedingsrûte tusken Snits en De Jouwer, hinget der foar Rykswettersteat in soad fan ôf om de brêge iepen te hâlden.
"Dêrom dizze ynspeksje", seit Anne van der Meer fan Rykswettersteat. "Der sille minsken fan ús oannimmer ûnder de brêge klauterje en dy sille alle bouten kontrolearje", leit hy út.

Ferkearsûnderbrekkingen

Op it stuit dat de minsken ûnder de brêge hingje, koe der gjin ferkear oerhinne. Dêrom waarden der ferkearsûnderbrekkingen fan in kertier ynsteld. Sa koe de kontrôle op in feilige wize plakha. As de kontroleurs wat fûnen, soene se der ek fuortendaliks wat oan dwaan.
Mar is in ferkearsûnderbrekking fan in kertier dan net fierstente koart? "As it langer duorret, moatte se de wurksumheden efkes ôfbrekke. In kertier foar de brêge wachtsje is bêst lang. Dêrom sille we ús echt oan it kertier hâlde", seit Van der Meer.
Yn de omjouwing fan de brêge stiene tekstkarren, sadat minsken ek foar in oare rûte kieze koene.
© Omrop Fryslân, Alle Faber