Troch staking gjin treinen fan Arriva en beheinde busynset

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Troch staking ride der op dizze freed gjin treinen fan Arriva en is der beheinde busynset yn Fryslân en yn de rest fan Nederlân. Ek treinferfangend ferfier sil net ride, meldt it ferfiersbedriuw. Buertbussen ride wol.
De fakbûnen hiene de staking yn it regionale iepenbier ferfier al oankundige. Moandeitenacht is ûnderhannele oer in nije cao yn it streekferfier, mar fakbûnen en wurkjouwers kamen der net út.

Oar ferfier

Arriva seit besocht te hawwen in passende tsjinstregeling te meitsjen mei de meiwurkers dy't har net as staker meld hiene, mar dat is net slagge. It ferfiersbedriuw advisearret reizgers gebrûk te meitsjen fan oar ferfier as de trein en de bus. De reisplanners wurde wol hieltyd aktueel bywurke.
Tongersdei wie der ek al in staking yn it iepenbier ferfier. Troch de grutte fraach nei ynformaasje rekken de reisplanners oerbelêste, seit Arriva.