Unwissens by gemeente oer Holwert oan See: "Wy besykje yn maart in konklúzje te lûken"

In ympresje fan Holwert oan See © Provinsje Fryslân
It is ûndúdlik hoe't it fierder moat mei it projekt Holwert oan See. It kolleezje fan Deputearre Steaten joech earder dizze wike in negatyf advys oer de plannen by Holwert.
De gemeente Noardeast-Fryslân sit op it stuit yn ûnwissens. "Wy lizze 2 febrewaris alle ynformaasje by de riedsleden del", seit wethâlder Pieter Braaksma. "Dan besykje we dêr yn maart in konklúzje út te lûken, en dan komme wy mei in foarstel."
De stjoergroep, dêr't Braaksma sels ek yn sit, wie koartlyn noch posityf oer de plannen foar Holwert oan See. "Mar yn de Deputearre Steaten hawwe se it oars bepaald no. Der soe noch in ûndersyk komme en dat kin noch wol ris oergean."

Jild beskikber hâlde

"Foar it gebiet hoecht it lykwols net oars te wurden. Wy sille ús ried foarstelle om it jild yn alle gefallen beskikber te hâlden foar it gebiet. Wy ha yn de tiid sein dat der in ympuls komme moat foar ekonomyske aktiviteiten yn it gebiet. Dêr bliuwe wy efter stean."
De seedyk by Holwert (argyf) © Omrop Fryslân
Braaksma kin him wol wat yntinke by de betinkingen dy't Deputearre Steaten ferline wike utere. "Ik kin it begripe. Holwert oan See is al in pear kear feroare, der ha in protte ûndersiken west. Dêr lûkt elk syn eigen konklúzje út."
De wethâlder bliuwt derby dat it jild dat de gemeente earder tasein hat foar it projekt beskikber bliuwe moat foar Noardeast-Fryslân, ek as it net yn Holwert oan See stutsen wurdt. "Ik sjoch dêr wol mooglikheden ta. De útdaging bliuwt om in ympulzen te jaan oan de hiele Waadkust."