Ein oan gas- en sâltwinning op Waadsee, belied op Noardsee just ferromme

Gaswinning op de Waadsee © Shutterstock.com (Erik Koole Photography)
De oerheid jout tenei gjin nije fergunningen mear ôf foar gas- en sâltwinning ûnder de Waadsee. Ek komme der gjin fergunningen mear foar it sykjen nei gaswinningsgebieten op lân.
De besluten betsjutte dat ûnder oaren de NAM gjin tastimming mear krijt om te ûndersykjen wêr't ûnder de grûn gas sit.
It kabinet hat besletten dat der noch wol winningsfergunningen ôfjûn wurde kinne. Dat bart yn gefallen wêryn't al in 'opsporingsvergunning' jûn is en al bekend is wêr't en hoe't it gas út de grûn helle wurde kin.
It is de bedoeling dat omwenners mear belutsen wurde by nije gaswinningsprojekten. Sy moatte in bettere yndruk krije fan wat oft de winning foar harren omjouwing betsjut. Boppedat moatte se op de ien of oare wize meidiele yn de opbringst. Dat kin yn de foarm fan finansjele bydragen oan de omjouwing, of fia ferwaarming fan harren hûzen.

Ternaard

Neffens it regearakkoart wurdt allinnich de proseduere foar it gasfjild by Ternaard noch ôfmakke. Besteande gaswinning moat dêr op syn lêst yn 2035 klear wêze.
Wannear't in ein komt oan de besteande sâltwinning yn de Waadsee is net hielendal dúdlik. Steatssekretaris Vijlbrief skriuwt yn in keamerbrief:
"De huidige (gas, red.) winningsplannen hebben een doorlooptijd tot eind 2035, zodat uiterlijk in 2035 er ook een einde komt aan de huidige productie in het Waddengebied. In het coalitieakkoord wordt alleen gesproken over gaswinning. Het kabinet vindt dat deze maatregelen ook van toepassing dienen te zijn op zoutwinning onder de Waddenzee omdat de effecten van zoutwinning (met name bodemdaling) vergelijkbaar zijn met gaswinning."
De besteande sâltwinningsfergunning rint lykwols oant 2052 en it is net dúdlik oft dy fergunning trochrint of yn 2035 'útsteld wurdt.
Op de Waadsee dus gjin nije fergunningen mear, op de Noardsee wol. Dêr wurdt krekt ynset op it rapper útjaan fan fergunningen foar lytse gasfjilden.