Wedstriden Snits Wyt Swart geane troch nei earder gefaar fan wankele stjoermêst

De top fan stjoermêst by Snits Wyt Swart is der ôfhelle © Pixabay
De wedstriden fan Snits Wyt Swart geane dit wykein gewoan troch. Earder wie dat noch mar de fraach fanwegen de wankele stjoermêst op it sportkompleks.
De fjirtich meter hege mêst rûn skea op troch it waar fan de ôfrûne dagen. In foarbygonger seach dit tongersdei en belle it alarmnûmer fan telecomprovider T-Mobile. "Op dat moment was er kinderopvang van het BSO in de kantine. Die werd op last van T-Mobile ontruimd, want het was niet veilig", seit Sven Botstra, fan de fuotbalklup.

Wedstriden geane troch

Yntusken binne de earste ynspeksjes fan de mêst achter de rêch. Der is in grutte kraan te plak, wêrmei't de top fan de mêst derôf helle is. "Er wordt nog gekeken of die er weer op komt, of eraf blijft. De wedstrijden kunnen dit weekend hoe dan ook doorgaan."
De ledegearkomste dy't tongersdeitejûn pland stie, gie troch de risiko's net troch. Dêrneist wiene de fjilden dy't yn it berik fan de mêst stean, net beskikber. In oantal trainingen waard dêrom skrast.