Grinssupporters meie demonstrearje op It Hearrenfean, mar net yn it sintrum

Supporters fan FC Groningen yn it Abe Lenstra Stadion © Orange Pictures
Supporters fan FC Groningen hawwe tastimming krigen om snein te demonstrearjen op It Hearrenfean. Dit sil lykwols net yn it sintrum wêze, lykas de supporters graach woenen, mar by de útgong fan it útfak fan it Abe Lenstra Stadion.
De supporters fan Grins binne it ûniens mei it feit dat it útfak mar foar de helte fan de kapasiteit folle wurde mocht fan de gemeente Hearrenfean. Der wienen al 1.200 kaartsjes ferkocht, mar der meie no mar 600 supporters nei binnen.
Yn reaksje dêrop hawwe supportersferieningen fan Grins besletten om dan mar hielendal net te kommen. Yn stee dêrfan woenen se mei maksimaal 249 supporters yn it sintrum fan It Hearrenfean demonstrearje tsjin it beslút fan de gemeente.

Demonstraasje ûnder de wedstriid

Dit wurdt no dus foar in part tastien. "Demonstreren is een grondrecht", stelt boargemaster Tjeerd van der Zwan. "We nemen wel alle maatregelen die nodig zijn om de betoging veilig te laten verlopen."
Boargemaster Hearrenfean klear foar demonstraasje
Ien fan dy maatregels is dus om de demonstraasje net yn it sintrum, mar by it Abe Lenstra Stadion te hâlden. Der mei tusken 12.30 en 13.30 oere aksjefierd wurde. Op dat stuit spylje sc Hearrenfean en FC Groningen harren wedstriid.
Yn it sintrum en om it stadion hinne jildt snein in needferoardering.