Baggerjen fargeul Boontjes ekologysk op it rantsje, warskôget advysburo

De haven fan Harns © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
It op djipte hâlden fan fargeul de Boontjes kin yn de takomst mooglik net mear sa as dat no giet, warskôget advysburo Arcadis yn in rapport yn opdracht fan Rijkswaterstaat.
De gefolgen foar de natuer kinne sa grut wurde dat de wize wêrop't der baggere wurdt, oanpast wurde moat foar dizze fargeul tusken Harns en Koarnwertersân.
Benammen it troebel wurden fan it seewetter is in probleem. Hielendal as je dêr it baggerjen by optelle dat nedich is om de haven fan Harns op djipte te hâlden. De fargeul wurdt no op 3.80 meter djipte hâlden, mar dêrby komt folle mear slyk en sân omheech as yn 't foar tocht waard.

Fjouwer rapporten

Foardat it Ryk, de provinsje en oare belutsenen beslute oft it sa trochgean kin, is ôfpraat dat ûndersocht wurdt wat de gefolgen krekt binne. Dat hat no fjouwer rapporten opsmiten en ien memo.
Havenûndernimmers yn Harns binne benaud foar de ekonomyske gefolgen foar de haven, wannear't de farwei net mear op de hjoeddeiske djipte hâlden wurdt. Yn in morfologysk rapport fan kennisynstitút Deltares stiet dat op de lange termyn de Boontjes hielendal driget te ferdwinen.

Fierder útdjipje

Ut in mienskiplike koste- en bate-analyze docht bliken dat foar de mienskip it iepenhâlden fan de geul útkin, ek as dy noch fierder útdjippe wurdt. Dat lêste liket foar de natuer te folle skea op te smiten en is juridysk mooglik no al net helber, sa stiet yn it ekologysk rapport.