Dûkers sykje nei persoan yn it wetter op De Gordyk

© SRFotografie
De helptsjinsten binne sneontemoarn massaal oproppen om te sykjen nei in persoan yn it wetter op De Gordyk.
Omstanners hienen oan de Kerkewal in plons heard en der stiene fuotstappen by de wetterkant. Der waard lykwols net ien oantroffen.
Dûkers fan de brânwacht ha socht yn it wetter. Ek in traumahelikopter is oproppen. De Kerkewal waard ôfset foar it ferkear.
Nei likernôch in oere is de sykaksje staakt. De helptsjinsten ha net ien fûn.