FryslânDOK: De boaiem berikt yn 'e lânbou

Boer Pieter van der Valk © Jan Bensliman
Omkearde flaggen, trekkerprotesten en wanhopige ferhalen toane de gaos yn it boerelân. De boaiem fan de Nederlânske lânbou liket berikt. Mar tagelyk is dy krisis in fruchtbere boaiem foar nije inisjativen.
Plannen foar in duorsume en ekonomysk sûne wize fan buorkjen, te sjen yn de nije trijedielige FryslânDOK-searje 'De boaiem berikt'.
It kin gjinien ûntgien wêze dat de boeren yn Nederlân har flink soargen meitsje oer de takomst fan harren bedriuw. Melkfeehalders dy't te ticht by natoergebieten sitte, moatte ferhúzje of ophâlde boer te wêzen. Oaren sille fee fuortdwaan en sykje nei in breder 'verdienmodel'.
Pick-up truck mei omkearde flagge © Albert Jensma
De agraryske sektor, en dan foaral de feehâlderij, sil de kommende jierren yngripend feroarje. Der sil mear rekken holden wurde moatte mei wat der noch mear libbet, yn en op it lân. Buorkje binnen de grinzen dy't de natoer oankin, en dêr't de oerheid yn Europeesk ferbân ôfspraken oer makke hat.
FryslânDOK - 'De boaiem berikt' (3 dielen) Te sjen op 21/22 jannewaris, 28/29 jannewaris, 4/5 febrewaris
Sneon NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.25 oere)
Snein Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
De programmamakkers fan FryslânDOK, Albert Jensma en Bart Kingma, freegje boeren hoe't se de druk om te feroarjen ûnderfine. En hoe't se de ûnwissichheid oer de gefolgen dêrfan ûndergeane. Se prate mei jongeren oer de fraach oft sy noch wol in takomst foar harsels sjogge op it famyljebedriuw.
Ien fan dy boeren is Pieter van der Valk, dy't mei de oprjochting fan de koöperaasje Agricycling de boer en syn grûn in sintraal plak jaan wol yn it sluten fan de kringloop. Net allinnich fan de lânbou, mar fan de hiele maatskippij.
Keallen © Omrop Fryslân
Wat betsjut dy lânboutransysje foar de agraryske sektor, it famyljebedriuw en de leefberens op it plattelân? Wêr sit de pine, it fertriet? En wêr lizze, nettsjinsteande alles, de mooglikheden foar in sûne en duorsume takomst foar de lânbou?
Dokter Martien Lankester wol mei it pilotprojekt Bioregio besykje om sûn iten, lokaal en ûnbewurke, tichter by de boarger te krijen. Heechlearaar Gjalt de Jong wurket sels oan in ambisjeus plan om de natuerynklusive lânbou yn Noard-Nederlân 'mainstream' te meitsjen.
Pieter van der Valk is ek te hearren yn de Podcast fan FryslânDOK, 'Ferhalen fan it flakke lân'. Van der Valk leaut dat de lânbou in soad problemen fan de maatskippij oplosse kin. Dêrfoar hat er de koöperaasje Agricycling oprjochte. It recycljende fermogen fan de lânbougrûn moat folle better brûkt wurde, fynt er. Dêr hat de boer baat by, mar de boarger ek.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps.