FNP wol meidwaan oan Twadde Keamerferkiezingen: "De regio wurdt net heard"

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De FNP tinkt deroer om mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen. Dat sei foarsitter Jan Arendz fan de Fryske Nasjonale Partij sneontemoarn by de fiering fan it 60-jierrich jubileum yn Thialf op It Hearrenfean.
"De wjerstân tsjin Den Haag is grut. Minsken út de regio wurde faak net heard", stelt De Vries. Op it stuit ûndersiket in kommisje dielname oan de lanlike ferkiezingen. Yn maaie wurdt it idee yn in gearkomste foarlein oan de leden.
Sneon is ek de ôftraap fan de steateferkiezingen op 15 maart. Auteur René Cuperus fan de 'Atlas van afgehaakt Nederland' tinkt dat de FNP dêr goed skoare kin. "Het vertrouwen in de landelijke politiek heeft een dieptepunt bereikt. Dat betekent dat mensen óf niet meer gaan stemmen óf juist uit protest kiezen voor regionale partijen als de FNP."
FNP wol meidwaan oan Twadde Keamerferkiezingen
Neffens Cuperus sil de BoerBurgerBeweging (BBB) fan Caroline van der Plas de grutste konkurrint wêze fan de FNP. "Dan kun je zomaar weggevaagd worden."
Cuperus set grutte fraachtekens by it meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezingen troch de FNP. "Je gaat dan weer terug naar de Republiek der Verenigde Nederlanden, met bijvoorbeeld een Frieslandpartij, een Zeelandpartij enzovoorts. Dat moet je niet willen. Bovendien, stel dat de FNP de grootste wordt in Nederland. Dan wordt een regionale partij de baas over een heel land."

Ambysjes

De FNP tinkt by de steateferkiezingen op 15 maart de grutste partij te wurden, sei listlûker Sijbe Knol sneon op it jubileumfeest. Knol basearret him op de lêste ferkiezingen, doe't de partij yn Fryslân 36.000 stemmen krige. "Us ferwachting is dat je mei seis sitten direkt de grutste wêze sille."
Ien fan de spearpunten fan de FNP is de oanpak fan besit fan twadde wenten. "Wenjen is in basisrjocht. Foar plakken mei in soad twadde wenten sil aksje nedich wêze. Us sympaty leit by ús ynwenners."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is by de jubileumfiering fan de FNP