Wittenskipper Doekele Stavenga is 80 jier, mar noch lang net klear mei syn wurk

Doekele Stavenga achter syn kompjûter yn it laboratoarium © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Doekele Stavenga is mei emeritaat, mar kin noch lang net ophâlde. De heechlearaar is no 80 jier en is noch trije dagen wyks yn it laboratoarium te finen.
Syn ûndersyk rjochtet him op kleuren yn de natuer: hy besiket antwurden te finen op de fraach hoe't kleuren ûntsteane en hoe't se brûkt wurde yn de natuer troch fûgels, flinters, krobben ensafierder.
Dy fraach besiket Stavenga te beäntwurdzjen út de natuerkunde wei. Hy is in fysikus en hat natuerkunde studearre. Hy neamt himsels in biofysikus.
Myn Frysk is net skurf wurden, trochdat ik mei broers en sussen altyd Frysk praat.
Doekele Stavenga
Stavenga waard 80 jier lyn berne yn Assen. Dêrnei wenne hy yn Spijk (Grinslân) en Snits. Syn stúdzje die er oan de RUG yn Grins. Dat er geef Frysk praat en skriuwt, wylst er úteinlik mar twa jier yn Fryslân wenne hat, komt troch syn âlden. Heit en mem wiene beide Friezen en thús waard altyd Frysk praat.
"Heit wie fanatyk op it Frysk en hy fûn dat wy ek Frysk skriuwe leare moasten. Boppedat praat ik mei myn broers en sussen altyd Frysk. Dat is goed foar de famyljebân. Dêr komt it fan dat myn Frysk net skurf wurden is", seit Stavenga as him frege wurdt nei syn geve Frysk.
Doekele Stavenga yn it laboratoarium © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
De heechlearaar wennet no yn Haren en fytst trije kear wyks de tsien kilometer nei de kampus yn Grins. As er dêr dan syn ûndersykswurk docht, krijt er selskip fan syn assistint Hein Leertouwer, dy't 85 jier is.

Geraniums

De twa senioaren ha deselde ynstelling: achter de geraniums binne se net gelokkich. Dêrfoar hâlde se fierstente folle fan de wittenskip.
"It leuke fan wittenskip dwaan is dat jo sjogge dat oare minsken it moai fine en der fierder mei komme", seit Stavenga. "De essinsje is dat ik hieltyd in stapke fierder kom yn it begripen fan de natuer. En trochdat je witte hoe't wat wurket, wurdt it ekstra boeiend. En ik krij mear ûntsach foar de natuer. Dat is ek in reden wêrom't ik noch altyd dwaande bin."
Ik fyn it prachtich om mei jonge minsken te wurkjen en harren entûsjast te meitsjen.
Doekele Stavenga
It giet foar Stavenga net allinnich om de wittenskip en de ûntdekkingen dy't er docht. Ek oan it wurkjen mei jonge minsken hat er in soad niget. Hy helpt promovendy en masterstudinten.
Op dit stuit begeliedt er in Kolombiaanse dy't krekt as him ûndersyk docht nei kleuren yn de natuer. "Om myn wurk te dwaan mei jonge minsken, dy entûsjast te meitsjen en dan te sjen dat sy yn 'e gaten krije hoe't it wurket, dat is hiel leuk."

Erkenning

Stavenga hat in soad publikaasjes op syn namme stean, mar it aardichst fynt er noch dat syn ûntdekking troch de bekende natuerfilmer David Attenborough brûkt is yn ien fan syn films.
Stavenga kaam derachter hoe't de bysûndere kleur by de nekke fan de paradysfûgel ûntstiet © Shutterstock (Ru Smith)
Op in konferinsje yn Amearika moete hy in âlde freon dy't fearren fan de paradysfûgel bestudearre en der mar net achterkaam hoe't de kleuren hieltyd wer feroaren. Fan blaugrien nei goudgiel en oarsom.
"Doe haw ik him yn Grins útnûge en ik krige mei optyske techniken yn 'e gaten hoe't dat krekt wurke. Hiel yngewikkeld, mar wy fûnen it út. Dat hawwe wy publisearre en omdat dy freon wer in goeie freon wie fan David Attenborough, pikte dy it op."
Stavenga giet troch mei syn wurk salang't dat kin. "Je kinne net de hiele dei allinne mar kofjedrinke en kletse. Om koart te wêzen: dit is it leukste dat je dwaan kinne."
Wittenskipper Doekele Stavenga (80) oer syn wurk
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.