Holwert wol dat Holwert oan See trochgiet en komt mei protestaksje by fergadering

Bern binne ek belutsen by it protest © Onno Falkena, Omrop Fryslân
Foar it projekt Holwert oan See wie it woansdei in wichtige dei. Provinsjale Steaten fergadere yn it multtfunksjonele sintrum yn it doarp oer it grutte projekt. Deputearre Steaten wolle de hannen eins fan it projekt ôflûke, mar it is net dúdlik oft in mearderheid fan Provinsjale Steaten dêr yn meigiet.
Fanwege it belang fan it ûnderwerp fergaderje de politisy net yn it provinsjehûs, mar yn MFA De Ynset yn Holwert. "It is altyd al wichtich dat Provinsjale Steaten sichtber binne yn de provinsje. Ek as we yn Ljouwert binne. In ûnderwerp as Holwert oan See lient him dêrby útstek foar om it gebiet yn te gean en dêr dan ek dizze gearkomste fan 'e Steaten te hâlden. Dizze kear yn Holwert dus", seit Wiebo de Vries, de vice-foarsitter fan Provinsjale Steaten dêroer.

Protestaksje

Foarôfgeand oan de fergadering is der in protestaksje yn it MFA holden mei ferskate spandoeken. "We witte net krekt hoefolle minsken der komme, mar je fernimme wol dat it libbet yn it doarp", sei foarsitter Tineke Hoekstra fan doarpsbelang foar de protestaksje.
Ynwenners fan Holwert holden woansdeitejûn in protestaksje yn it MFA
De gearkomste is in saneamde byldfoarmjende kommisje. Steateleden sammelje dan ynformaasje oer in ûnderwerp. Hjir kinne belanghawwenden ynsprekke. Ferskate ynsprekkers hawwe harren al meld, wêrûnder ek doarpsbelang.
"It fielt foar ús as in hiele wichtige jûn. It is foar ús it momint om fan ús hearre te litten", beslút Hoekstra.