Blog Jaap Slager: De Fryske Stoarm

logo.ensafh

-Wêrom gong dy swijende mearderheid doe ynienen wol hinne en kom yn ‘e wapens?

-Dat is in goede fraach, Nynke. My tinkt dat soks kaam om’t it de measte lju oant dan ta om goed taalûnderwiis gong. En oft dat geef Hollânsk wie of geef Frysk dat wie har … eh …

-… lape om loarre.

-Lit ús it sa mar sizze, Douwe, ek al hat dat wat in pejoratyf lûd at men it oer taal hat. Mar dêr kaam it al op del – salang’t de ûnderwiiskrêften teminsten it Hollânsk behearsken, koene de measte âldelju har wol lykfine mei it op ien taal stuolke ûnderwiissysteem. Mar doe’t hja foar de fernullen krigen dat dyselde learkrêften it raar sitte lieten en de Hollânske taalfeardigens fan har bern hurd yn ‘e delgong rekke, wie de duvel fan ‘t keatling.

Lês fierder by Jaap Slager

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *