Seis oanhâldings nei fynst himpkwekerijen yn Koatstertille en De Harkema

In himpplant © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei seis persoanen oanholden op fertinking fan belutsenheid by it produsearjen fan himp. De oanhâldings folgje op de fynst fan aktive himpkwekerijen yn in loads yn Koatstertille en in wenning op De Harkema.
It giet om in man fan 34 jier en in frou fan 33 jier fan De Harkema, in 30-jierrige man fan De Pein, in man fan 59 jier út de gemeente Noardeast-Fryslân en in 72-jierrige man en in 65-jierrige frou fan Koatstertille.
Op de lokaasje yn Koatstertille binne 546 planten fûn, op De Harkema nochris 56 planten.