Martsje de Jong

Moalpûde

logo.ensafh

Dizze wike in berjochtsje yn it nijs: de wurknimmers fan it streekferfier sille op ’e nij stake, want der wurdt net reagearre op harren CAO-foarstel. Ik flokte, want de ellinde fan soksoarte aksjes – en dêr ha der nochal wat fan west it ôfrûne jier – komt altyd del op de skouders fan dy’t ôfhinklik binne fan datselde iepenbier ferfier. En dat binne net de lju dy’t de leanen betelje. Dyselden sitte heech en drûch achter in buro en sjogge hannewriuwend nei it spinpoatsjen fan de wurknimmers. Te krappe tiden om de rûte te riden, sadwaande gjin tiid om te pisjen of kofje te drinken en dat ek nochris foar te min sinten, want ja, de ynflaasje.

Net ûnbegryplik en út soarte bin ik der flak foar dat der demonstrearre wurdt. In knappe staking op syn tiid moat der wêze. It is allinnich sa ferhipte spitich dat it Nederlânske folk it demonstrearjen en staken net yn it bloed hat. Ja, wy stean mei in lullich buordsje om ’e nekke foar it kantoar fan de baas. Of as it mâl moat in kear op it Saailân. Mar op in djipst protestearje? In yndrukwekkend geweldleas protest tsjin de gong fan saken, sa’tst dat sjochst yn bygelyks Frankryk, Brazilië, Sjina? Dat docht de trochsneed Nederlanner net.

De Grinzers sakje alle dagen fierder troch de ierdboaiem, de húshâldingen dy’t troffen binne troch it skandaal fan de taslage-affêre binne noch altyd net holpen, der binne fierste min huzen mar dy kinne net boud wurde om’t neffens de gelearden de boeren yn it paad sitte mei har CO2, wat al nij boud wurdt moat fan it gas ôf mar kin dat net om’t der te min stroom is, dy’t gek wurdt fan argewaasje kin mar better fan de Aldhou wippe want foar psychyske helpferliening bestiet in wachtlist fan in jier. Wilens sjout it regear foar miljarden oan wapens en sinten nei Kiev en seit dêr grutsk by dat it ús oarloch is. My is neat frege en ik bin der poer op tsjin, mar dan wurdt der swaaid mei it begryp demokrasy en foarbygien oan it Wetboek fan Strafrjocht dat hiel dúdlik oanjout dat in lânsbestjoerder it lân net samar yn in oarlochssituaasje bringe mei.

No, tsjin dat soart saken sil ien mei Nederlânsk bloed net gau yn aksje komme. In Fries nammers ek net. Wy jouwe ús del. It is sa’t it is, en as it net sa wie, wie it wol oars. Dat idee. Nei ús de sûndfloed. Armand song it al: Ja, de Nederlander is een meelzaak, je kunt erop blijven slaan, hij gaat toch niet staan. Op ’n heechsten lymje guon har mei de kont oan ’e sneldyk, of ferniele se in keunstwurk. Dat smyt neat op. Krektlyk as dy staking fan nije wike neat opsmite sil. Krektoarsom, de bazen sjogge hoe’t it betrouwen yn it iepenbier ferfier noch fierder sakket en kinne tefreden konstatearje dat der wer mear ûnrendabele linen skrast wurde kinne. En wat dogge de politisy? Yn ferkiezingsprograms moai waar spylje en neitiid de moaie wurden ferjitte.

Wat my oanbelanget ride dy bussjauffeurs nije wike allegear gewoan út op de tiid dat dat fan se ferwachte wurdt. As se dan dêrnei net de tsjinstrûte ride, mar de bus fol lade mei elk dy’t mei wol, dan koers sette nei De Haach en dêr de hiele boel fêstsette op it Binnenhof, dan meie se om my wol in moanne stake. Want dêr sitte sa’n 150 man dêr’t it gros fan in knappe klap mei de moalpûde hân hat.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *