Fryske apotekersferiening optein oer mooglikheden fan DNA-medikaasjepas

Minsken fan ferskillende ôfkomst yn de wachtromte foar de dokter © Shutterstock.com (Studio Romantic)
De Friese Apothekers Vereniging is optein oer resultaten fan in ynternasjonale stúdzje nei de mooglikheden fan DNA-profilen. Troch dêrmei medikaasje op maat te jaan, kinne slimme bywurkingen fan medisinen mei 30 persint ôfnimme.
It giet om in ûndersyk ûnder lieding fan Leids Universitair Medisch Centrum (LUMC), dêr't hast 7.000 minsken út sân Europeeske lannen oan meidiene.
Itselde medisyn kin by pasjinten ferskate reaksjes oproppe. Sa kinne manlju en froulju ferskillend reagearje op genêsmiddels, mar ek etnisiteit spilet in rol.
"Ieder mens heeft een eigen manier om geneesmiddelen af te breken. De een doet dat wat sneller, de ander wat langzamer. Met dit DNA-onderzoek kan per patiënt worden vastgesteld hoe iemand een geneesmiddel verwerkt. Het heeft te maken met hoe snel enzymen het afbreken, en dat is genetisch bepaald", sa leit Renetta Fransens fan de Friese Apothekers Vereniging út.
Renetta Fransens © Van der Sluis
Oer it generaal wurde de advizen oer de dosearring fan medisinen ôfstimd op 'de trochsneed Nederlanner.' Fransens: "Maar er zijn natuurlijk mensen die van dat gemiddelde afwijken. Daardoor hebben zij een kans op bijwerkingen of een kans dat een geneesmiddel niet werkt."
Dêrom soe de Friese Apothekers Vereniging foarstanner wêze fan in DNA-medikaasjepas. "Je hoeft het maar één keer te doen: de informatie ligt vast in je DNA, dus het verandert ook niet. Als je dat vastlegt, kun je zo'n pas meenemen of de informatie doorgeven."

Bywurkingen

It hat bliken dien dat slimme bywurkingen mei 30 persint ôfnimme as de dosearring ôfstimd wurde kin op it DNA fan pasjinten. Foarskriuwe op basis fan in DNA-profyl kin dus echt effekt hawwe. By it ûndersyk gie it om medisinen foar ûnder oare kanker, hert- en iersykten en psychyske klachten.
"Daarmee toont dit het belang van zo'n medicatiepaspoort aan. En het kan kostenbesparend werken. De test is niet nieuw, alleen is nu bekend dat het effectief is. Dat is wel een goed teken, dat men het kosteneffectief kan inzetten", sa seit Fransens.
Minsken fan Europeeske, Aziatyske of Afrikaanske ôfkomst kinne troch genetyske ferskillen oars op medisinen reagearje. Troch ôfkomst mei te nimmen kinne medisinen dus better personalisearre wurde.

Noch genôch fragen

Dochs binne der noch genôch fragen dêr't earst antwurd op komme moat. Sa kin sa'n DNA-profyl grutte gefolgen foar de privacy fan minsken hawwe. Mar ek praktysk: soe sa'n pas fergoede moatte wurde? Heart it by de standertsoarch? Oft der dus ea in DNA-medikaasjepas komme sil, is ek in politike kwestje.