Aebe Aalberts (CDA) oer Holwert oan See: "Miskien wol oar stânpunt as kolleezje"

It cv van Aebe Aalberts © Omrop Fryslân
Aebe Aalberts fan it CDA hat mingde gefoelens oer de komst fan Holwert oan See. "It is in moai inisjatyf, mar der spylje noch fragen oangeande de begrutting, it behear en ûnderhâld."
Giet it troch of dochs net? Dat is al njoggen jier de grutte fraach by Holwert oan See. Provinsjale Steaten nimme hjiroer in beslút op 22 febrewaris. Friso Douwstra, deputearre en listlûker fan it CDA, sjocht it projekt net sitten. Dochs betsjut dat net dat de fraksje ek tsjin is, seit CDA-Steatelid Aebe Aalberts.
"Der is in ferskil yn wat it kolleezje advisearret en wat de Provinsjale Steaten beslút. Miskien is dat wol in oar stânpunt. We hawwe dat noch net besletten as partij." Aalberts neamt Holwert oan See in 'moai inisjatyf'. "It libbet yn de mienskip, sy drage dit projekt."
Aebe Aalberts (CDA) oer it stânpunt oer Holwert oan See
Deputearre Klaas Fokkinga sei koartlyn dat der trije stopljochten op oranje stean foar Holwert oan See. Aalberts slút him oan by dizze wurden. "Der spylje noch de nedige fragen. Der is noch gjin dúdlikheid oer de begrutting, it behear en ûnderhâld. Op dy fragen wolle wy earst antwurd krije foar't wy ús útsprekke", seit er. "Dêrby draait it allegear om draachflak, helberens en betelberens."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Aebe Aalberts
It idee fan Holwert oan See is om in trochbraak fan de seedyk te forsearjen, om sa de ferbining tusken it Wrâlderfgoed Waadsee en it achterlân op te helpen. Dit moat ekologyske en ekonomyske foardielen opsmite foar de regio. De skatting is dat der tusken de 85 en 90 miljoen euro muoid is mei it projekt.
Aebe Aalberts oer de trije pylders
As boerepartij set it CDA him gewoanwei yn foar krimp. Ek dit betsjut lykwols net dat de partij yn it 'ja-kamp' komt. "As fraksje binne we ús derfan bewust dat dit in tige soarchfâldich proses is. By projekten fan sokke omfang is der altyd twivel. Dêr komt by dat wy de grutste fraksje binne, wêrtroch't der noch mear ferantwurdlikheid by sjen komt."
Ek is der de mooglikheid dat der twaspjalt yn de fraksje ûntstiet. Mar dat liket Aalberts ûnwierskynlik. "Ik ferwachtsje net dat der ferskate opfettingen binne binnen de partij. Elk steatelid is fansels frij, dus sûnder lêst of rêchspraak. Mar ik tink dat we as CDA ien lûd hearre litte."
Aalberts is oertsjûge fan ien lûd binnen de partij
Op 15 maart binne de Provinsjale Steateferkiezingen. Boere-organisaasjes sjogge de komst fan Holwert oan See net sitten, fanwege ûnder mear it sâlter wurden fan it lân en de kâns dat it in Natura 2000-gebiet wurdt. Mar dêr sil de partij him net troch liede litte, seit Aalberts. "We moatte earst sjen nei wat de status fan dat gebiet is, en oft wy dizze eangsten fan boeren fuortnimme kinne. Watfoar oplossingen binne derfoar?"

BoerBurgerBeweging

Ta beslút seit Aalberts by de ferkiezingen gjin skrik te hawwen foar de BoerBurgerBeweging, dy't kwa stimmers al licht yn deselde fiver fisket. "Wy geane út fan ús eigen krêften en hoopje dat it sitteteltal fan acht lyk bliuwe kin. Hanthavening soe dêrom moai wêze."
© Omrop Fryslân