FryslânDOK: Heechlearaar wol lânbou foar 50 persint natuerynklusyf

© Omrop Fryslân
De lânbou yn Noard-Nederlân moat yn 2030 op syn minst foar de helte natuerynklusyf wêze. Campus Fryslân fan Rijksuniversiteit Groningen wol yn dy grutte transysje it foartou nimme.
Mei dy ambysje giet heechlearaar Gjalt de Jong de boer op. It noarden soe neffens De Jong foarrinner wêze moatte yn de natuerynklusive wize fan buorkjen.
FryslânDOK 'De boaiem berikt' - diel 3
Sneon 4 febrewaris 15.30 oere NPO2
Snein 5 febrewaris 13.10 oere NPO2 en nei 17.00 op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele. Diel 1 en diel 2 binne hjir werom te sjen.
Gjalt de Jong, heechlearaar 'duorsum ûndernimmen yn in sirkulêre ekonomy' fertelt syn ferhaal yn diel 3 fan de FryslânDOK-rige 'De boaiem berikt', in searje ferhalen oer boeren en oare minsken yn de lânbouwrâld dy't mei-inoar besykje it paad nei foaren te finen.
Minister Piet Adema fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit fertelt yn dizze ôflevering ek hoe't hy tsjin de ûntwikkelingen oansjocht.
Prof. dr Gjalt de Jong, heechlearaar 'duorsum ûndernimmen yn in sirkulêre ekonomy' © Omrop Fryslân
Dêr't de realiteit op dit stuit is dat de biologyske lânbou noch gjin fiif persint fan it totaal beslacht, minister Adema dêr 15 persint fan meitsje wol, de Europeeske Kommisje der sels op oantrunet dat it nei 25 persint moat, is professor De Jong noch stelliger.
De Jong wol dat Noard-Nederlân sjen lit dat yn 2030 leafst 50 persint fan de lânbou natuerynklusyf wêze kin. Dat hoecht net perfoarst biologysk te wêzen, mar wol in wize fan buorkjen dy't yn balâns is mei de natuer.
Minister Piet Adema yn petear mei boeren op tsiisbuorkerij De Deelen © Omrop Fryslân
Neffens De Jong is dit de iennichste wize om fierder klimaatûnheil te kearen. "Alle ûndersiken en rapporten litte sjen dat wy sa net fierder kinne, ik kin der net in oar ferhaal fan meitsje", ferklearret De Jong.
Yn gearwurking mei de Agro Agenda Noord-Nederland hat hy it 'Sicco Mansholt Transitie Programma' skreaun, in stik dêr't er de ambysje fan 50 persint natuerynklusive lânbou delleit en útleit hoe't dat doel berikt wurde kin.
It 'Sicco Mansholt Transitie Programma' fan Gjalt de Jong © Omrop Fryslân
Dat kin troch feitlik alle kennis dy't der is oer dit tema oan inoar te keppeljen. De Jong wol tsientallen 'living labs' oprjochtsje, briedplakken dêr't boeren har fragen en ûnderfiningen mei-inoar diele kinne en dêr't bedriuwslibben, ûnderwiis en wittenskip meitinke oer oplossingen foar problemen dêr't boeren tsjinoan rinne.
Dy kennis moat út allegear dissiplines wei komme, fan lânbou en ekonomy oant biology en genêskunde.
De lânboubeurs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Mar it begjint neffens De Jong by de persoanlike motivaasje fan de boer. De heechlearaar is derfan oertsjûge dat in soad boeren djip yn it hert graach op in oare wize buorkje wolle, mear yn oparbeidzjen mei natuer, lânskip en omjouwing.
Hy ropt ûndernimmers op om op syk te gean nei dy djipste inerlike driuwfearren en dy yn te setten as 'motor' efter har transysje. As in boer foar himsels beslút natuerynklusiver te buorkjen, soe alle kennis en ûnderfining fan de living labs him helpe kinne yn syn syktocht nei de bêste wize fan omskeakeljen.
Gjalt de Jong presintearret syn plannen op in gearkomste fan de Agro Agenda Noord-Nederland © Omrop Fryslân
Op in sympoasium op de universiteitskampus hat De Jong syn 'Sicco Mansholt Transitie Programma' presintearre foar belutsenen út de lânbouwrâld.
It ministearje fan Lânbou hat 550.000 euro súbsydzje beskikber steld foar it projekt, ek Rijksuniversiteit Groningen ynvestearret nochris 300.000 euro. Mei dat jild kinne de living labs opset wurde en kin ûndersyk dien wurde nei nije bedriuwsmodellen foar de lânbou.
Campus Fryslân © Omrop Fryslân
In wiidweidich petear mei heechlearaar Gjalt de Jong is as podcast te beharkjen op ferskate podcastplatfoarms ûnder de namme 'FryslânDOK - de boaiem berikt'.