Fersierde weinen binne net mear te fersekerjen, dus hâldt De Pein dermei op

Foarsitter Jan Kuipers en ponghâlder Marten Koop van der Velde © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Yn De Pein hâlde se op mei de fersierde weinen, dy't mei it doarpsfeest troch it plak ride. Troch oanskerpe regels is it evenemint net mear te fersekerjen foar de feestkommisje.
Yn it doarp binne se begjin febrewaris gewoanwei al drok dwaande mei de tariedings, bygelyks mei it fersieren fan de weinen. Dy wurde ûnder oare brûkt om in optocht mei de bern troch it doarp te meitsjen, in echte tradysje yn De Pein.

Maksimaal 40.000 euro

Mar no is it stil yn it doarp. It pynlike beslút om op te hâlden, is naam fanwegen in fersekeringskwestje. "Fergunningstechnysk is der by de gemeente gjin inkeld probleem", seit ponghâlder Marten Koop van der Velde fan de feestkommisje, "Der binne allinnich net in soad fersekeringen dy't it fersekerje wolle. De bêste opsje kostet ús sa'n 250 euro de wein."
By dy opsje rint de útbetelling by ynfaliditeit mar oant 40.000 euro. Leit de skea heger, dan binne kommisjeleden persoanlik oanspraaklik.
Yn De Pein fine se it spitich dat se ophâlde moatte mei de feestweinen yn it doarp
Yn de tsientallen jierren dat de optocht troch it doarp gie, is der noch nea soks slims bard. Dochs wolle de kommisjeleden it risiko net nimme. As der wol ien ynfalide wurdt troch in ûngelok, dan kin dat de organisaasje tonnen kostje.

'Wat oars betinke'

Sokke bedraggen binne net te beteljen, seit Van der Velde. "Wy ha dy gedachte ek hân om it dochs te dwaan. Mar der sil mar krekt wat barre. Dat wolle wy net op ús gewisse hawwe. Want as der dan wat bart, binne wy de sjaak."
Harkje nei de miening fan ynwenners fan De Pein oer it beslút
En dus sit der neat oars op as wat oars te betinken foar de bern. Dêr is de kommisje op dit stuit drok mei dwaande.
Van der Velde begrypt it wol, mar fynt it fansels tige spitich: "It is in allemachtich moai feestje, mar regeltechnysk sjoen, kin it gewoan net mear. Ik snap dat der hieltyd mear regels komme, want der moat mear yndekt wurde. Dochs bliuwt it hartstikke spitich."
Ek yn oare doarpen yn Waadhoeke, Tytsjerkstradiel en Smellingerlân spilet it fraachstik.
Yn Noardeast-Fryslân kinne fersierde weinen noch wol ride, mar mei ferskate beheiningen. Sa mei in wein dêr net heger wêze as seis meter. Dêrneist moatte de sjauffeur en de groepslieder fan in wein bekend wêze by de gemeente. Weinen meie ûnder gjin betingst fan de rûte ôfwike. De groepslieder is oanspraaklik foar saken dy't by de wein misgeane.