Grize koppen bûgje har oer Ljouwerter plakplaatsjes: "Sy binne like fanatyk"

Tal fan samlers bûgje har yn it HCL oer de plaatsjes © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Se binne razend populêr: de plakplaatsjes fan âld Ljouwert. Der binne yn totaal 18.000 'Kiek, dat was Liwwadden'-boeken fuortjûn by supermerken en op de ruilbeurs yn Ljouwert wie it sneon betiid drok.
De aksje is opset troch Historische Vereniging Aed Levwerd, Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) en de Jumbo-supermerken yn Ljouwert.
It is lykas by fuotbalplaatsjes, mar dan mei bygelyks âlde foto's fan de Aldehou of de eardere wettertoer. Minsken kinne de plaatsjes by boadskippen krije, om se dêrnei yn it boek te plakken.
By de ruilbeurs foar plakplaatsjes fan histoarysk Ljouwert wie it sneon tige drok
It is net de earste plaatsjesaksje yn de provinsje. Under oare yn Frjentsjer, op De Jouwer en yn Noardeast-Fryslân koene minsken earder al stikkers sammelje foar in boek.
Op de ruilbeurs yn Ljouwert is de wrâld oan plaatsjes útstald. Guon hawwe bakken fol mei dûbelen mei. In frou op de beurs fertelt dat sy it in moaie aksje fynt. "Vooral voor oude mensen, heel veel oude dingen zijn er niet meer. De hele familie spaarde mee. Ik moest nog één nummer, die heb ik nu. Mijn man zal blij zijn."
De plaatsjes fleane oer de tafels © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In oare samler siket plaatsjes foar leafst fiif boeken. Ien foar himsels, de oare fjouwer foar de âlderein yn it Jabikshof. Hy ferwachtet dat de bewenners it leuk fine mei de plaatsjes yn it ferline te dûken.
De organisearjende supermerken binne bliid dat de ferlet fan de ruilbeurs is. "It is noch net iens tsien oere, it giet mâl. Wy wisten echt net wat wy ferwachtsje koene. It is rôversguod. It is wat in âldere doelgroep as by de measte plaatjes, mar sy binne like fanatyk. Nederlân fergrizet wat, dus wy moatte fansels wol de goede ploech pakke."
Der wurdt goed byholden wat men al hat en wat noch sammele wurde moat © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Tal fan grize koppen bûgje har oer de boeken en de plaatsjes. It HCL is wiis mei de oanrin, seit Jelle Hoekstra fan it sintrum. "It begjint aardich troch te rinnen. Dat it sa oanslaan soe, hie ik net tocht. Wol hope. It belooft in gesellige dei te wurden." De ruilbeurs duorret noch oant 16.00 oere middeis.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma by de ruilbeurs yn Ljouwert